"Comeback Fryske maffia''

'Ald-maffialid' (?) Annamarie Jorritsma
De 'Fryske maffia' yn polityk Den Haag is dwaande mei in comeback. Dat seit âld-parlementêr redakteur Marcel de Jong. Hy hat njoggen jier yn Den Haag de polityk ferslein foar de Ljouwerter Krante.
Omdat De Jong wer werom giet nei Fryslân hat hy in boek skreaun: De Friese Maffia, 296 politici in Den Haag. Hjiryn beskriuwt hy Friezen dy't op ien of oare wize aktyf west ha yn de lanlike polityk.