Le Poole wint stadige race

17 okt 2007 - 15:19

Rudolf Le Poole fan Leiden is woansdei de winner wurden fan de 34ste edysje fan de Strontrace. De finish fan syn skip De rust na arbeid wie om twa oere. Moandei giene de dielnimmers oan de strontrace fan start yn Warkum om yn Warmond de dong te lossen.

De finish wie woansdei al earder ferwachte, mar der stie hielendal gjin wyn en de dielnimmers kamen kwalik noch foarút. It is foar de tredde kear efterinoar dat Le Poole wint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)