Soad publyk Indoor Friesland

In oersjoch fan Indoor Friesland
It tal taskôgers by Indoor Friesland yn WTC Expo Ljouwert is woansdei twa kear sa grut as ferline jier. It hynste-evenemint lûkt it dûbele oantal taskôgers, omdat der dit jier ek in feekeuring by is. Ferline jier wie dy keuring noch op tiisdei.
Yn totaal binne der in lytse tûzen minsken op de earste dei ôfkaam. Woansei binne by it evenemint allinnich lanlike wedstriden yn de L, M, Z en ZZ springklassen.