Wetterambulânse yn Snits

17 okt 2007 - 13:49

It Antoniussikehûs yn Snits wol de eigen ambulânsetsjinst útwreidzje mei in wetterambulânse. It sikehûs set hyltyd mear yn op wettersport, de nije ambulânsetsjinst past dêr goed by.

Minsken op it wetter dy't medyske help nedich ha kinne troch de ambulânse tenei earder holpen wurde. Op de spoedeisende hulp yn Snits is it no simmers altiten tige drok mei wettersporters.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)