Oanholden nei efterfolging

17 okt 2007 - 10:16

Nei in wylde efterfolging hat de plysje op it Hearrenfean tiisdei in jonge (17) oanhâlden. De ynwenner fan it Hearrenfean ried op in saneamde minibike oer it Boargemaster Kuperusplein en waard sjoen troch plysjes. Doe't dy de jonge motorrider oanhâlde woe ried er gau fuort.

Nei in achterfolging koe de plysje de jonge oanhâlde. Hy koe him net legitimearje en krige proses-ferbaal. Syn minibike is yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)