Undersyk nei oerfal juwelier

17 okt 2007 - 09:58

De plysje ûndersiket de oerfal op in juwelier oan de Kelders yn Ljouwert. In ûnbekende man bedrige tiisdei mei in fjoerwapen de meiwurkers fan de winkel. De man gie der sûnder bút wer fantroch. Hy hie in kous oer de holle. De plysje hâldde tiisdei al in pear minsken oan, mar dy hiene neat mei de oerfal te krijen.

It giet om in licht kleurde jongeman tusken de 18 en 22 jier. De plysje siket noch om tsjûgen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)