Fryske help foar Mozambique

© Omrop Fryslân
Seis Fryske gemeenten helpe tegearre mei ûnder oare wetterliedingbedriuw Vitens, Wetterskip Fryslân en de Fryske Ried fan Tsjerken 300.000 Mozambiquanen oan skjin wetter.
Woansdei is it Wrâldearmoededei en de gedachte achter dy aksjedei wolle de gemeenten omsette yn stipe foar nije wetterlieding, wetterputten en iepenbiere wettertaappunten foar earme Afrikanen. Yn Mozambique kostet fersmoarge wetter alle dagen libbens.