Nije flier by Indoor Fryslân

© Omrop Fryslân
It hynstespektakel Indoor Fryslân hat in nagelnije flier krigen. Dat wie nedich om ek ynternasjonale topruters nei it WTC-Expo yn Ljouwert te krijen. De nije flier moat blessueres by de hynders foarkomme. Hy kostet 50.000 euro. De âlde flier hat tsien jier tsjinst dien.
It dielnimmersfjild hat noch nea sa sterk west. Fiif ruters fan de earste fyftjin op de wrâldranglist komme dizze dagen yn aksje yn Ljouwert.