Brandenburg 17de by WK skaken

Daan Brandenburg
Skaker Daan Brandenburg is by it Jeugd-WK yn Armenië op in dield santjinde plak eindige. Hy spile tiisdei yn de lêste ronde remise tsjin de Indiase Abhijeet Gupta. Dêrmei komt Brandenburg op in totaal fan sân en in heale punt út tolve partijen.
Mei dat 17de plak kin Brandenburg tefreden wêze, want hy wie fantefoaren pleatst as 26ste. De Egyptenaar Achmed Adly wûn it toernooi, en mei him wrâldkampioen ûnder de 20 neame.