Studint sjocht neat yn wetter

Ald-boargemaster de Boer fan Ljouwert sit yn de ried fan tafersjoch fan Wetsus
Wetterynstitút Wetsus wol mear studinten ynteressearje foar it wetter. De kommende jierren moat der mear ûndersyk dien wurde en moat it tal patenten dat oanfrege wurdt foars omheech.
Studinten fine it ûnderwerp wetter net sa nijsgjirrich. Dat komt ondat it hjir by ús nea in probleem west hat om oan genôch en skjin wetter te kommen. Dêr hoege hjir dus gjin oplossingen foar fûn te wurden.