Beleanning foar tips oer brân

It hús-oan-hús brief mei de beleanning foar tips oer de brân
De famylje de Vries út Ljouwert ropt de help fan it publyk yn om de brân yn har wenpleats op te lossen. Yn de wenwyk Suderbuorren yn Ljouwert is hûs oan hûs in brief besoarge dêr't in beleanning yn útloofd wurdt fan 10.000 euro foar tips oer de brân.
De pleats fan de famylje oan de Zwemmer baarnde yn de nacht fan 12 op 13 maaie folslein ôf. De famylje hopet dat besikers fan in wykfeest miskien wat sjoen ha en sa helpe kinne.