Alle hynders dizze wike fuort

16 okt 2007 - 12:25
  • Piet Lootsma is noch dwaande om syn hynders fuort te heljen
  • Hynder fan Lootsma op ien fan de sammelplakken

Der stiene tiisdei noch hieltyd hynders op it Noarderleech, dêr't ferline jier hynders omkamen trochdat se by stoarmwaar ynsletten rekken. It is eigner Piet Lootsma net slagge om al syn hynders op 'e tiid op te heljen, mar hy is der wol mei dwaande. Foar it wykein binne alle hynders fan it Noarderleech ôf, seit Lootsma.

It Fryske Gea hat alle pachtboeren ferplichte it fee foar 15 oktober op te heljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)