'Verdonk fuort is spitich'

16 okt 2007 - 11:41

It is spitich dat Rita Verdonk har lidmaatskip fan de VVD opsein hat. Dat seit foarsitter Jaarsma fan de Fryske VVD. Hy is wol bliid dat se nei oerlis mei it partijbestjoer moandei daliks in beslút naam hat.

Jaarsma hie leaver sjoen dat Verdonk har sit yn de Twadde Keamer opjûn hie en lid bleaun wie. Se hat as minister goed wurk levere en soe dat yn in oare funksje foar de VVD ek dwaan kinne, sa seit de Fryske VVD-foarsitter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)