Amelân hat tonnen tekoart

16 okt 2007 - 10:34

De gemeente Amelân hat dit jier al in tekoart fan 800.000 euro. Dat ha b. en w. de ried ferteld. In tal riedsfraksjes fine it kwalik dat se sa let heard ha dat der in tekoart is. B. en w. skeine dêrmei ôfspraken dy't earder makke binne, sizze se.

It gemeentebestjoer wol de lokale belestingen ferheegje om it tekoart fuort te wurkjen. Hokker maatregels der komme, wurdt nije wike tiisdei bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)