Jong Cambuur wint yn Emmen

16 okt 2007 - 06:33

De beloften fan Cambuur binne moandei yn de bekerwedstryd tsjin Jong Emmen mei de skrik frijkaam. Yn de earste helte kaam de ploech fan trainer Alfons Arts mei 1-0 achter nei in doelpunt yn de achtste minút. Oan it begjin fan de twadde helte makke René van der Weij gelyk, mar de winnende treffer koe lang net fûn wurde.

Pas trije minuten foar de ein makke Brandon Bonifatio de 2-1. Fan de achterline ôf skeat de Kanadees raak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)