Cedin moat besunigje

© Omrop Fryslân
Underwiisbegeliedingstsjinst Cedin moat besunigje. Der wurdt ûndersyk dien nei hoe't de húsfesting effisjinter én goedkeaper kin. Cedin hat no sân festigings yn Fryslân en Grinslân. Der geane mooglik festigings ticht. It is noch net dúdlik wêr't it nije haadkantoar komt.
Cedin moat kommersjeler wurkje troch marktwurking. De organisaasje hat 230 meiwurkers en docht de begelieding fan 900 skoallen yn Noard-Nederlân.