Nij bod op Nuon-oandielen

15 okt 2007 - 15:07

De provinsje Noard Hollân wol opnij mei Fryslân ûnderhannelje oer de ferkeap fan NUON-oandielen. Ferline jier hawwe der ek al petearen west. Dy ûnderhannelings rûnen doe benammen fêst op de priis.

Deputearre Galema seit dat Fryslân net negatyf stiet tsjinoer nije ûnderhannelings. Noard-Hollân hat in earste útstel dien dêr't no serieus nei sjoen wurdt. Mar de steaten hawwe it lêste wurd, seit Galema.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)