Oanjefte tsjin Djip Read

Kooijmans hat oanjefte dien tsjin Waterlander-en-dy fanwege ´stimmerôf´
Max_Kooijmans út Wommels hat oanjefte dien tsjin de dissidinte PvdA´ers ûnder lieding fan Jan_Waterlander yn syn gemeente Littenseradiel.
Freed hat Kooijmans by de plysje west. Hy beskuldiget Waterlander en de oare PvdA-riedsleden fan fraude mei stimmen en ûnbehoarlik bestjoer. De nije fraksje Djip Read is mei de foarkarstimmen fan de PvdA útnaaid, tinkt Kooijmans.