Flinke files rûnwei Snits

15 okt 2007 - 11:04

De ôfsluting fan de westlike rûnwei yn Snits hat moandeitemoarn yn de spits foar flinke files soarge.

De wachttiid by de stopljochten op de krusing mei de Lemmerwei rûn op nei in kertier oant tweintich minuten. Dochs binne de provinsje, de gemeente en de oannimmers hiel tefreden oer de gong fan saken. De problemen binne minder grut as dêr't yn it foar rekken mei hâlden waard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)