Noch gjin nije minsken KNRM

© Omrop Fryslân
Der hawwe har noch gjin nije frijwilligers oanmelden by it KNRM-stasjon Lauwerseach.
Ek de oprop oan froulju om har oan te melden hat oant no ta gjin reaksjes opsmiten. De KNRM hat driuwend ferlet fan nije minsken om ek yn de takomst 24 oeren deis help biede te kinnen op it Waad en de Lauwersmar. It stasjon Lauwerseach tinkt der oer om in fakatuere te pleatsen by it CWI.