Brânwachtminsken oer mei boat

15 okt 2007 - 10:01

Yn ferbân mei wurksumheden yn it sintrum fan Heech wurde by brânmeldings yn it westlike part fan it doarp fjouwer brânwachtminsken mei de boat oersetten.

Dit smyt in tiidwinst op fan tsien minuten. Oan de oare kant stiet dan in brânwachtauto klear, dy't de brânwachtlju nei de melding bringt. De autospuit bliuwt op it gewoane plak stean yn Heech, moar moat dus omride om yn de westkant fan Heech te kommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)