Kolombia - Brazilië: 0 - 0

© Omrop Fryslân
It is Brazilië snein net slagge om fan Kolombia te winnen. Kolombia wie út op in gelykspul en slagge yn dy opset, want de seleçao hie grutte muoite om troch de Kolombiaanske definsje te brekken. Hearrenfean-spits Alves kaam let yn de twadde helte yn it fjild foar AC Milan-stjer Kaká, mar ek hy koe it ferskil net meitsje.
It gie om de earste kwalifikaasjewedstriid fan Brazilië foar it WK fan 2010 yn Súd-Afrika.