Rêdingsboaten mei swaailjocht

© Omrop Fryslân
Rêdingsboaten kinne folle feiliger en gauwer helpe as se ûnderweis in swaailjocht brûke meie, by foarkar mei in sirene der by. Dat boadskip krige Twadde keamerlid Lutz Jacobi op Skylge. Sy sil de winsk fan 'e KNRM oankaarte by minister Klink.
Eins wol de KNRM foar rêdingsboaten deselde rjochten as in ambulânse. Dat betsjut dat oare boaten dat tenei ferplichte binne om foar rêdingsboaten oan kant te gean.