Remon van Lunzen wint sulver

© Omrop Fryslân
Remon van Lunzen hat snein yn Eindhoven sulver ferovere by de Nederlânske kampioenskippen maraton. De Ljouwerter, dy't útkomt yn de kategory 35+, rûn 2.27,50. De winner, de eardere Etioper Woldemarian, wie goed in minút rapper.
Van Lunzen slagge der net yn om syn persoanlik rekord fan 2.27,22 te ferbetterjen. Yn de kategory manlju 60+ pakte Karst Anema fan Stiens it sulver yn in tiid fan 3.03.