Frou (27) krijt skop yn búk

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneontenacht trije manlju út Wolvegea (17, 17 en 20 jier) oanholden yn it sintrum fan Snits. De plysje krige om 02.45 oere in melding fan in fjochtpartij. Op oanwizing fan tsjûgen binne de 3 jonges oanhâlden.
Even letter die bliken dat in frou (27) út Eastersee ferwûne op strjitte lei. Se hie in skop yn de búk hân. Se hearde by in groep, dy't by it ferlitten fan in bar slaanderij krigen hie mei de fertochten.