Ketellapper wint Noarderfitrun

© Omrop Fryslân
Martin_Ketellapper fan Ljouwert hat sneon yn syn wenplak de Noarderfitrun wûn. Hy kaam nei tsien kilometer yn in tiid fan 32 minuten en 42 sekonden oer de einstreek.
De Amsterdammer Edwin_van_Dort kaam op 14 sekonden as twadde oer de streek. Eelco_Hoogeveen út Blije waard tredde. By de froulju wûn Yvonne_Kassenberg út Burgum yn 37 minuten en 24 sekonden.