Hânballers Stiens ferlieze

14 okt 2007 - 14:31

De hânballers fan Stiens spilen sneon har earste wedstriid yn de haadklasse. Yn Heemskerk ferlear Stiens mei 26-22 fan DSS. De Stienzers begûnen slop oan de wedstriid en stienen mei it skoft mei 15-10 efter.

Yn de twadde helte wie Stiens wol de bettere ploech, mar kaam net tichterby. Topskoarders by Stiens wienen Niels_Maurits mei njoggen doelpunten en Tjalling_Alkema mei sân doelpunten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)