Brêgen net yn goeie steat

14 okt 2007 - 11:39

Opsterlân hat in strop by it ûnderhâld oan de brêgen yn de gemeente. Ut ynspeksje docht bliken dat de brêgen der minder oan ta binne as earst tocht. De gemeente hie foar de ynspeksje gjin goed byld fan it oantal brêgen. No docht bliken dat it der 108 binne.

It tekoart fan it ûnderhâld wurdt no rûsd op in bedrach fan 86-tûzen euro yn it jier. Dat sil earst út de reserves helle wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)