Oanpassing wurk rûnwei Snits

In grut part fan de rûnwei is ôfsletten
De provinsje hat by it wurk oan de rûnwei fan Snits sneon wat problemen oplosse moatten. It ferkear op de krusing Lemmerweg/Stedsrûnwei moast te lang wachtsje. De stopljochten wurde no better ôfsteld sadat it ferkear better trochstreame kin.
Op de Rykswei A7 fanút De Jouwer en op de Lemmerweg komme noch wat mear buorden om de ôfsetting fan de rûnwei oan te kundigjen. Dy duorret noch de hiele wike.