ONS 2-2 tsjin Be Quick '28

© Omrop Fryslân
Sneonshaadklasser ONS Snits hat mei 2- 2 lyk spile tsjin Be Quick '28. Yn Swolle spilen de Snitsers in net al te bêste wedstriid. Yn de earste helte kaam ONS op in 1-0 foarsprong troch in doelpunt fan Jan Roelofsen.
De Swollenaren makken foar it skoft de lykmakker. Yn de 88ste minút kaam Snits op in 2-1 efterstân. Mar yn blessueretiid makke Jan van der Wal de lykmakker troch it benutten fan in strafskop.