Problemen ferslavingssoarch

© Omrop Fryslân
It finen fan nije personielsleden driget in grut probleem te wurden foar de ferslavingssoarch yn Noard- Nederlân. It oantal festigingen en behannelingen is de lêste jierren flink tanommen.
Mei-elkoar wurkje der 900 minsken by 36 festigingen yn de trije noardlike provinsjes. Noch iepensteande fakatueres binne lykwols dreech yn te foljen. Fral dokters en psychiaters binne der eins net.