Fryske atletykprestaasjes

© Omrop Fryslân
Herman Hofstee út Drachten is sneon yn Meppel Noardlik kampioen heale maraton wurden. Hofstee rûn de Van de Reest heale maraton yn in tiid fan 1.13,54 oere en waard tredde. Hy wie de earste noarderling dy't oer de streek kaam en pakte dêrom de noardlike titel.
Hurdrinner Klaas-Jan Hofstra út Appelskea waard sneon twadde yn Súdlaren op de 10.000 meter. Hofstra rûn in tiid fan 34,30 minuten.