Roorda net yn seleksje Foppe

13 okt 2007 - 14:05

Geert Arend Roorda is net selektearre foar de oefenynterlân fan Jong Oranje tiisdei tsjin Skotlân. Roorda hat in blessuere en coach Foppe de Haan hat mei de lieding fan sc Hearrenfean ôfpraat him wat rêst te jaan. Roorda makke freed syn debút tsjin Estlân.

Jeroen Drost, Gianni Zuiverloon en Roy Beerens binne wol selektearre. De oefenynterlân wurdt kommende tiisdei spile yn it Rosada stadion fan RBC Roosendaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)