Jonge klapt tsjin buskedoar

© Omrop Fryslân
De plysje hat freedtenacht in jonge fan 19 út De Gordyk oanhâlden fanwege swiere mishanneling. De jonge siet foaryn in buske dat in groepke fytsers ynhelle. De bestjoerder moast útwike nei links, mar de jonge út De Gordyk die syn autodoar iepen. Hy rekke in fytser, in jonge fan 17 út Drachten.
De bestjoerder fan it buske is wol útstapt om te freegjen hoe't it gie, mar neffens de minsken yn it buske ûntstie doe in driigjende sfear.