Kartografy-evenemint Aldehou

13 okt 2007 - 12:29

Minsken dy't ynteressearse binne yn kartografy - it opmjitten fan lân en it meitsjen fan kaarten - koene sneon by de Aldehou yn Ljouwert terjochte. Dêr wie it 'Cartografie evenement'. Dat bestie ûnder oare út in eksposysje fan âlde lânkaarten fan Fryslân en demonstraasjes troch studinten fan de NHL.

By de Aldehou lieten lânmjitters sjen hoe't har wurk yn it ferline barde en hoe't se hjoed de dei te wurk geane.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)