Flyers winne fan HIJS

© Omrop Fryslân
Vadeko Flyers pakte freed de earste seizoensoerwinning. Yn Den Haach waard mei 2-1 fan HIJS wûn. Erik Landman makke yn de tredde perioade de winnende treffer troch út in powerplay te skoaren. Bêste spiler by de Flyers wie doelman Tim Kelleher.
De twa spilers út Ruslân, Ivanov en Panchenko, komme sneon oan op It Hearrenfean en spylje snein mei yn Ljouwert yn de earste thúswedstriid tsjin Nijmegen.