Skoarstienbrân yn Hallum

© Omrop Fryslân
Bewenners fan in wenhûs oan de Mariëngaarderwei yn Hallum hawwe sneon sels foarkomme kinnen dat har hûs yn de brân flein is. Se hiene de houtkachel opstookt, mar der ûntstie brân yn de skoarstien.
De bewenners hiene dat op tiid yn de gaten krigen en diene wiete doeken yn de piip. Dêrtroch koe de brân him net fierder útwreidzje. De brânwacht hat noch wol in kontrole útfierd mar hoegde fierder net yn aksje te kommen.