Rút Achmeatoer ferfongen

It wie sneon in geskikte dei om in rút te ferfangen
Yn de Achmeatoer yn Ljouwert is sneon in rút ferfongen. It rút wie al in jier stikken, mar it slagge hieltiten mar net om in datum te prikken om it te ferfangen. Dat komt omdat soks allinne yn it wykein mei, omdat der in grutte kraan foar komme moat. Dat hat gefolgen foar it ferkear.
Omdat der geregeld wat te dwaan wie yn it wykein yn Ljouwert, hat it in jier duorre foardat der in geskikte datum fûn wurde koe.