Cambuur ferliest fan Go Ahead

© Omrop Fryslân
SC Cambuur hat freedtejûn thús mei 2-0 ferlern fan Go Ahead Eagles. De Ljouwerters begûnen slap oan de wedstriid. Rick Hooijboer woe it fjoerke opstoke, mar krige dêrfoar binnen it heal oere twa giele kaarten.
Mei 10 man kaam Cambuur better yn de wedstriid, mar nei it skoft skoarden de besikers twa kear. Ynfaller Achmed Ahahaoui makke de earste, Sjoerd Ars de twadde. SC Cambuur stiet no op it 14e plak yn de Jupiler League.