Fryske VVV's wurkje gear

© Omrop Fryslân
Sân VVV's yn Fryslân besykje meielkoar mear toeristen te lûken. Dat dogge se ûnder de namme Stichting Friese VVV's. It giet om de VVV's fan Appelskea, Drachten, Lauwersland, Ljouwert, Snits, Mid-Fryslân en Wymbritseradiel. Neist mear toeristen soe de gearwurking ek effisjinsje opsmite moatte.
De sân hawwe freed in konvenant ûndertekene. Se besykje ek oare VVV's safier te krijen dat se har oanslute.