Goedkeap mei bus en trein

© Omrop Fryslân
De kommende wike kin der yn Fryslân wer goedkeap mei de bus reizige wurde. Fanwege de hjerstfakânsje freget Arriva mar in euro foar in rit. De aksje waard de ôfrûne tiid al faker hâlden.
Ek foar in diel fan de treinen fan Arriva jilde legere tariven. Foar in kaartsje fan Ljouwert nei Harns en fan Ljouwert nei Starum hoecht mar 3,50 betelle te wurden. Wa't hinne en werom wol dy betellet 5 euro.