2200 euro foar shirt Alves

Alves yn syn shirt..
It shirt dat fuotballer Afonso Alves oanhie by de wedstriid fan Sportklub it Hearrenfean tsjin Heracles Almelo, hat by in feiling 2200 euro opsmiten. Alves skoarde mei dat shirt oan sân kear yn dy wedstriid, ferline wike snein. De fuotballer hie syn shirt oanbean oan de Twentse stifting kans voor een Kind. Dy hat it feile litten.
Der kaam ek in shirt fan Ruud van Nistelrooy ûnder de hammer. Dat smiet 3200 euro op.