Jeugd en wethâlder wedzje

12 okt 2007 - 15:41

Wethâlder Nico Oud fan Amelân giet in weddenskip oan mei 80 learlingen fan de Boargemaster Waldaskoalle op it eilân. At de skoalbern yn de kommende twa moannen minder CO2 produsearen, dan krije se in beleaning fan de wethâlder. Slagget it net, dan moatte de learlingen in tsjinprestaasje leverje.

De learlingen krije de kommende tiid les fan in miljeu-organisaasje oer it ferminderjen fan har CO2-útstjit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)