Dyk by Harns wer iepen
Ferkear kin fan freedtejûn sân oere ôf wer oer de sneldyk by Harns. De ôfrûne twa wiken moast der omriden wurde, fanwege wurk oan de dyk.
Dat wurk is noch net hielendal klear, mar de dyk wurdt al wol wer frijjûn. Dat wurdt dien omdat der fan sneon ôf wurke wurdt oan de sneldyk by Snits. Ferkear fan de Ofslútldyk ôf wurdt dan omlaat oer it nije stik dyk by Harns, rjochting Ljouwert.