Basketballers Aris jouwe les

Spilers fan Aris sille tidens de winterstop lesjaan.
Basketballers fan Aris Friesland jouwe ek it kommend winterskoft clinics foar skoalbern. Ferline jier joegen de spilers al sa'n 100 kear les oan bern fan middelbere skoallen yn it noarden. Dat wurdt dien op inisjatyf fan soarchfersekerder De Friesland. Dy wol sa bern oan it sporten krije om oergewicht tsjin te gean.
De clinics wurde jûn yn de gymnastyklessen op skoalle.