Snits hat begruttingstekoart

12 okt 2007 - 14:44

De gemeente Snits hat foar 2008 in begruttingstekoart fan goed 800.000 euro. Om dit op te lossen wurdt jild út de reserves helle. Foar de jierren dêrnei stiet Snits der wol goed foar, want yn 2009, 2010 en 2011 binne der oerskotten op de begrutting.

De ûnreplik saak belêsting giet yn 2008 in goed persint omheech. It rioelrjocht giet mei 7,5 euro omheech, mar de ôffalstoffeheffing wurdt mei 10 euro werombrocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)