'Achtkarspelen moat rezjy ha'

12 okt 2007 - 11:53

De gemeente Achtkarspelen moat by grutte bouprojekten de rezjy fan de bou sels yn hannen hâlde. Dat is ien fan de oanbefellings yn in evualaasje nei flaters dy't makke binne by de bou fan It Vleckehûs yn Surhústerfean. Ek is it net ferkeard in juridysk adviseur oan te lûken.

By de bou fan It Vleckehûs giene in grut tal saken net goed, ûnder mear boutechnysk. Ek is der ferlies makke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)