'Gau ûndersyk nei sâltwinning'

12 okt 2007 - 11:19

In ûndersyk nei sâltwinning ûnder de Waadsee moat it kommende healjier plakfine. It wie de bedoeling om it letter te dwaan, mar dat duorret neffens de CDA-Steatefraksje te lang. It sâltfabryk sjocht foar útwreiding fan de winning ek nei de gemeenten It Bilt en Menameradiel.

It CDA wol net mear aktiviteiten ûnder it fêstelân en freget Deputearre Steaten om gau te besjen of it sâlt net ûnder de Waadsee wûn wurde kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)