Man rydt troch nei oanriding

12 okt 2007 - 10:49

De plysje hat tongersdei in man út de Jouwer oanhâlden omdat er in oanriding feroarsake hie, mar dêrnei útnaaid wie. De man soe op de Jouwer in groepke fytsers ynhelje, mar seach te let dat him in auto yn de mjitte kaam. Hy wykte út. De fytsers kamen yn it gedrang en twa fan har foelen.

De autobestjoerder stapte wol út, mar ried dêrnei fuort. In tsjûge skreaun it kenteken op, wêrnei't de plysje de man opspoare koe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)