Sprekoere belestingen by KvK

De Belestingtsjinst begjint mei yngong fan dizze moanne mei in sprekoere yn it gebou fan de Keamer fan Keaphannel yn Ljouwert.
It sprekoere is bedoeld foar starters en minsken dy't in eigen bedriuw begjinne wolle. In meiwurker fan de Belestingtsjinst sil eltse fjirde tiisdei fan de moanne sitting hâlde by de Keamer fan Keaphannel. It sprekoere is fergees. Der moat wol yn it foar in ôfspraak makke wurde by de KvK.